
De toan hâldt oan
Ien fan de earste doelen fan ‘Mei en Foar Elkoar ’ is realisearre!
Wer’t je hert waarm fan wurd…
moaie moarn yn Talmahiem Balk mei sjonge en spylje en útrikking fan tablets mei koptillefoans foar de bewenners fan Talmahiem en Patyna lokaasje Jelle Meineszhof.
Sa kin se harren eigen muzyk opsykje en der fan genite want bewezen is dat muzyk it langst yn it brein oanwezich is en it lústerjen nei muzyk in soad positieve prikkels jout.
In folle bak en mei begelieding fan muzikanten fan Melodia, ien fan de initiatiefnimmers, wurd der út folle borst mei songen!

